Ald-boargemaster Houben fan Haskerlân ferstoarn

23 apr 2017 - 19:47
Philip Houben (1941-2017) - Foto: Screenshot L1

Ald-boargemaster Philip Houben fan Maastricht is ferstoarn. Dat meldt regionale omrop L1 fan Limboarch. Houben begûn syn bestjoerlike karriêre yn 1972 as boargemaster fan wat doe de Fryske gemeente Haskerlân wie. Dy gemeente is opgien yn Skarsterlân en dêrnei yn De Fryske Marren.

Nei Haskerlân waard Houben foarsitter fan in gearwurkingferbân dat in selsstannige provinsje Twente neistribbe.It kabinet sette dêr in streek troch. De lêste funksje dy't er ferfolle wie boargemaster fan Maastricht (1985-2002). Hy waard opfolge troch Gerd Leers.

Philip Houben (1941-2017) hie kanker. Hy is sneintemoarn nei in koart siikbêd stoarn.

Trefwurden: 
Philip Houben
(Advertinsje)
(Advertinsje)