Wommelser útnûge op jierdeisdiner Willem-Alexander

Pieter-Thys Faber fan Wommels mei takom freed op besite by de kening Willem-Alexander en keninginne Máxima. Faber is mei 150 oaren útkeazen út mear as 11.000 oanmeldings foar in diner yn it Paleis op de Dam fanwege de 50e jierdei fan Willem-Alexander. Dat wurdt jûn foar minsken dy't op deselde dei wat spesjaals te fieren hawwe. Faber wurdt kommende tongersdei 50 jier krekt as de kening. Syn frou hat him foar it evenemint opjûn.
Faber waard op 27 april 1967 berne mei net mear as in oere ferskil mei Willem-Alexander. Syn mem skreau jierrenlang in kaartsje nei it paleis om Willem-Alexander te lokwinskjen mei syn jierdei. Dêr kaam ek steefêst in kaartsje of in reaksje op werom. Faber krige sels in keninklike skopsek fan it paleis kado doe't er berne waard. Dy hat er keurich yn de ferpakking noch altyd yn syn besit.
Faber sjocht bot út nei freed. Hy hat de kening noch nea earder moete en sjocht dernei út om mei Willem-Alexander en Máxima yn de kunde te kommen.