Bizar ûngelok: hartekop yn koplampe

23 apr 2017 - 18:16

In 22-jierrige man út Kollum hat sneontejûn in bizar ûngelok hân. De man wie ûnderweis fan syn wurk yn Drachten nei hûs doe't der op de autodyk by Drachten wat op syn auto botste. By ynspeksje thús die bliken dat der in kop fan in ree yn syn koplampe siet. De rest fan it bist is poater. 

TINK DEROM: De twadde foto kin as skokkend ûnderfûn wurde.

Trefwurden: 
ûngelok hart
(advertinsje)