Fuotbalklup ONT De Pein oandien troch skermutselingen

Foarsitter en bestjoer fan fuotbalklup ONT út De Pein binne tige oandien troch de skermutselingen dy't by de klup plakfûn hawwe. Supporters en leden fan ONT en Rottefalle krigen sneontejûn spul op in feest nei in kompetysjewedstriid tusken beide ferienings.
Om slimmer foar te kommen waard de plysje derby helle. Dy naam twa man mei nei it buro. Neffens foarsitter Jeen Visser fan ONT binne der gjin klappen of ferwûnen fallen. Der is ek gjin skea oanrjochte. It bleau by skellen, driigjen en triuwen.
Visser is bot oandien troch it ynsidint omdat it min is foar de reputaasje fan beide ferienings. Neffens him hat de sfear tusken de klups altyd goed west. By eardere feesten tusken de buorklups is nea wat bard. Op dit feest wie de sfear ek goed. Mar oan de ein fan de jûn gong it mis. Wat krekt de oanlieding wie, is neffens Visser net dúdlik. De foarsitter wol der alles oan dwaan om reputaasjeskea út de wrâld te helpen.