Gjin medaljes foar Nederlânske teams op EK judo yn Warschau

23 apr 2017 - 17:11
De Nederlanner Danny Meeuwsen (wyt) tsjin de Poal Panek - Foto: ANP

De Nederlânske judoteams binne der by de Europeeske kampioenskippen yn Warschau net yn slagge in medalje te winnen yn de lannewedstriid. De froulju ferlearen de striid om it brûns fan Dútslân mei 3-2. Dêrtroch einigen se as fiifde. It manljusteam gie earder op snein ûnderút tsjin Azerbeidzjan (1-4).

Sanne van Dijke en Guusje Steenhuis wisten harren partijen tsjin Dútslân te winnen. Mar dat wie nei de nederlagen fan Margriet Bergstra fan De Lemmer, Sanne Vermeer út Stiens en Julie Kemmink net mear fan belang.

De Nederlânske judoka's behellen op it EK yn Warschau mei-inoar trije medaljes. Sanne van Dijke wûn goud, Guusje Steenhuis sulver en Roy Meyer brûns. De Friezinnen Margriet Bergstra, Sanne Vermeer en Natascha Ausma wûnen gjin medaljes.

Trefwurden: 
judo EK
(Advertinsje)
(Advertinsje)