Syktocht beëinige, slachtoffer is in Poal

De kustwacht hat de syktocht op de Noardsee nei opfarrenden fan it syljacht by de Flyhors om healwei trijen middeis beëinige. Ut ûndersyk docht bliken dat der mar ien persoan oan board wie. Dy persoan is út see helle troch de SAR-helikopter. Besocht is noch him te reanimearjen, mar dy help kaam te let. It giet om in Poal.
It jacht sloech sneintemoarn om sawat kertier foar tsienen om by de Flyhors. Dêr stie doe in frij hege seegong. In man op it strân seach it jacht omslaan en warskôge de kustwacht. It syljacht wie sawat 7 meter lang en it stie registrearre yn Ingelân. De plysje docht fierder ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.