LTO-Noard: Gjin grutte sinneparken op lânbougrûn

23 apr 2017 - 13:40

Grutte sinneparken op goeie lânbougrûn is net de oplossing foar it duorsumensprobleem. Dat seit foarsitter Trienke Elshof fan LTO-Noard. Yn it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân pleitet de boerinne foar it massaal oanbringen fan sinnepanielen op de dakken fan pleatsen. Neffens har is dêr in hiel soad romte en moat it belied dêr op rjochte wurde.

It is neffens Elshof skande om grutte parken oan te lizzen op grûn dy't better brûkt wurde kin foar produksje fan lânbouprodukten.

Trefwurden: 
sinnepark LTO Noard
(Advertinsje)
(Advertinsje)