VVD Ljouwert wol 'kriminaliteit-antisipaasje'

23 apr 2017 - 12:57
Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Ljouwert moat him oanslute by in nij systeem fan de Amsterdamske plysje, om wenningynbraken foar te kommen. Dat wol de Ljouwerter VVD. De partij stelt dêr skriftlike fragen oer oan it kolleezje fan b. en w. Ut nije sifers fan de gemeente docht bliken dat it oantal wenningynbraken op dit stuit 32% heger leit as 7 jier lyn. Neffens de VVD docht út de aktuele sifers bliken dat dit jier yn Ljouwert al 91 kear ynbrutsen is, of besocht is om yn te brekken.

De plysje yn Amsterdam hat koartlyn it Criminaliteits Anticipatie Systeem (CAS) ûntwikkele, dêr't mei foarsein wurde kin wêr't ynbrekkers taslaan sille. De VVD wol no fan b. en w. witte oft Ljouwert him net oanslute kin by it systeem yn Amsterdam. Ek wol de partij witte hoe't Ljouwert skoart mei it oantal wenningynbraken yn fergeliking mei oare stêden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)