Bewenner hâldt ynbrekker oan yn Drachten

De bewenner koe sels ien fan de ynbrekkers oanhâlde © Sicco Riedstra
Yn in hûs oan de Suderdwersfeart yn Drachten is sneontejûn ynbrutsen. De bewenner krige it yn de gaten en slagge der yn om ien fan de ynbrekkers oan te hâlden. Dy is oerlevere oan de plysje. De oare ynbrekker naaide út op in frouljusfyts. De plysje hat ek noch nei him socht, mar him net oanhalde kinnen.

By de wenning sels is noch ûndersyk dien. Yn de goate fan it hûs lei noch it ark fan de ynbrekkers. It is net bekend oft der ek wat stellen is.