Man komt om by sylûngelok by Flylân

23 apr 2017 - 10:50

Op 'e hichte fan de Flyhors by Flylân is sneintemoarn in Ingelsk syljacht fan 7 meter omslein. Dat waard fan it strân ôf sjoen troch in tsjûge. By it ûngelok is yn alle gefallen ien opfarrende om it libben kommen. It slachtoffer is troch de SAR-helikopter nei Den Helder brocht. Nei mooglike oare opfarrenden wurdt noch socht. By de sykaksje binne ferskate helptsjinsten belutsen, lykas de rêdingsboaten fan de KNRM fan Teksel, Flylân en Skylge.

De earste melding kaam sneintemoarn om kertier foar tsienen binnen by de kustwacht. It gie om de melding dat in syljacht omslein wie yn it seegat tusken Teksel en Flylân. It jacht is yntusken yn de brâning ûnder wetter ferdwûn. Neffens de kustwacht wie de see op it stuit fan it ûngelok rûch en de brâning heech.

It is op dit stuit noch net dúdlik oft der ek mear minsken oan board fan it jacht wiene. De helptsjinsten geane dêrom roch mei de sykaksje. Ek besiket de kustwacht yn Ingelân te achterheljen hoefolle minsken der oan board fan it jacht wiene.



Trefwurden: 
syljacht sykaksje KNRM Flyhors
(Advertinsje)
(Advertinsje)