Mientsen mei stjoerderkes fan 2 gram ûnderweis nei Waadsee

23 apr 2017 - 10:24
In mients mei in stjoerderke yn West-Afrika - Foto: Benjamin Gnep

Undersikers hawwe in hânfol mientsen (kanoeten) dy't oerwinteren yn West-Afrika in lyts satellytstjoerderke fan 2 gram om dien, sadat se de fûgels live folgje kinne op harren tocht nei de Waadsee. De trekfûgels binne krekt ôfset út harren oerwinteringsplak rjochting Waadsee. Dêr sille se fretten sykje, foardat se fierder fleane nei it Noardpoalgebiet om dêr te brieden.

Trekfûgelspesjalist Theunis Piersma hopet mei help fan de stjoerderjes better sjen te kinnen hoe't de fûgels gebrûk meitsje fan de fersprate ekosystemen. Ek wol hy besjen wat de ynfloed is fan it behear fan de Waadgebiet en de klimaatferoaring. De lytse trekfûgels krigen al yn jannewaris it alderlytste stjoerderke dat bestiet mei. It giet om in apparaatsje fan 2 gram mei in sinnepanieltsje. De fûgels lykje der net folle lest fan te hawwen. By it folgjen fan de fûgels die bliken dat se har oer folle gruttere ôfstannen ferpleatse as de ûndersikers earder tochten.

Theunis Piersma hopet foaral dat de ‘satellyt-mientsen’ de ferbannen tusken West-Afrika, de Waadsee en de briedgebieten yn it hege Noarden oantoane sille. It publyk kin de fûgels ek folgje op www.waddentrekkers.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)