Plysje grypt yn by grutte fjochtpartij by ONT op De Pein

23 apr 2017 - 08:30

De plysje moast sneontenacht yngripe by in fjochtpartij yn de kantine fan ONT op De Pein. Dy ploech spile sneontemiddei de derby 'De Slach om de Leien' tsjin De Rottefalle, mei oanslutend in feestje mei muzyk yn de fuotbalkantine. Tsjin tolven gie it goed mis. Der ûntstie in fjochtpartij tusken leden en oanhingers fan beide klups dêr't mei-inoar sa'n fyftich minsken by belutsen wiene. Dat wie reden foar it bestjoer fan ONT om de plysje te beljen. De plysje sette grutskalich yn en kaam dêrom mei tsien plysje-auto's en twa hûnebegelieders nei De Pein. De plysjes kamen fan de plysjeburo's fan Drachten, Ljouwert en Burgum.

De fyftjin plysjes hiene likegoed te krijen mei it nedige ferset. Se joegen de oanwêzigen it driuwende advys om gau nei hûs te gean. In part fan de oanwêzigen wegere om te harkjen. De plysje wie dêrom twongen om geweld te brûken om de minsken op ôfstân te hâlden. De plysje hat hjirby twa minsken oanhâlden. In jonge fan De Pein (27) hat de nacht trochbrocht op it plysjeburo. In man fan De Rottefalle (29) moast ek mei nei it buro. Hy mocht wer nei hûs neidat er ekskús oanbean hie. Tsjin 1 oere moarns waard it wer kalm yn De Pein en giene de measte belutsenen wer op hûs oan. It is de plysje noch net rjocht dúdlik wat de oanlieding foar de fjochtpartij west hat. Wol is dúdlik dat der drank yn it spul wie.

Trefwurden: 
fjochtpartij plysje ONT fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)