Sanne Wevers snein yn balkefinale op EK yn Roemenië

23 apr 2017 - 07:47
Sanne Wevers kwalifisearre har as twadde foar de tastelfinale op de balke - Foto: ANP

Nederlânsk en Frysk sportfrou fan it jier Sanne Wevers (25) fan It Hearrenfean giet snein op jacht nei Europeesk sukses op de balke, har favorite tastel. Wevers is al yn it besit fan Olympysk goud en sulver op de wrâldkampioenskippen, mar se wûn noch nea in medalje by de Europeeske kampioenskippen. Dat moat snein feroarje. Dan krijt Wevers in nije kâns op it EK yn Cluj yn turnlân Roemenië.

Wevers hat hjirby ek te meitsjen mei konkurrinsje út eigen lân, want achter Wevers pleatste ek Eythora Thorsdottir har foar dy finale. In oare wichtige konkurrinte is Larisa Iordache út Roemenië. Sy krige by de kwalifikaasjes de heechste wurdearring fan de sjuery. De finale op de balke begjint om 13.00 oere Nederlânske tiid.

Trefwurden: 
Sanne Wevers EK turnjen balke
(advertinsje)
(advertinsje)