''Ik haw in soad nocht oan de autocross''

23 apr 2017 - 07:23

Keningsdei, op dy dei stiet der yn Blauhús mar ien fraach sintraal: Wa wurdt de King of Dirt? Oftewol, wa wint de autocrossrace de Kings Battle. Speedway Blauhús stiet tongersdei 27 april wer fol mei racefanatisy foar dy spektakulêre races en Omrop Fryslân is dêr live. Yn de oanrin nei dat barren komme wy alle dagen mei in portret fan in racer. Hjoed lizze wy in oantal fragen foar oan autocrosser Rients Piersma.

Ek Rients stapt op 27 april yn syn stockcar crossauto mei as doel om as earste te einigjen en de Kings of Dirt te wurden.

Hoe soargesto datst goed taret bist op de races?
‘’No earlik sein doch ik net sa’n hiel soad yn de tarieding op de autocross races. It hinget foaral ôf oft en wat der oan de auto mankearret. Fansels kontrolearje wy in it foar oft de remmen en de bannen fan de auto goed binne. Mar wy traine eins net foar de races, dat komt ek om’t ik drok dwaande bin mei oare dingen. Dat oefenjen sjit der dan by yn. Eins haw ik noch nea oefene…’’

Wêr komt dyn passy foar de autocross wei?
‘’Ik race no sa’n 19 jier. It is der mei de ‘paplepel’ ynjitten. Us heit crosste eartiids ek al. Doe’t hy ophold mei de autocross is myn neef dermei begûn. Hy hat my der wer yn meilutsen. Ik haw myn rydbewiis helle en bin doe fuortendaliks begûn mei de autocross.’’

Bist nea bang om ferwûne te reitsjen?
‘’Nee, it is feiliger as fuotbal. Der binne sa’n soad regels en maatregels foar ús. Sa hawwe wy in brânkearend pak oan, in bân foar de nekke om en in goedkarde helm op.‘’

Wat docht it mei dy asto dyn auto stikken hast troch de race?
''Och ja, ‘shit happens’. Ik haw in hiel goed team om my hinne dy’t my hiel goed helpe om de auto’s sa goed mooglik yn oarder te krijen. Dêr bin ik se enoarm tankber foar.''

Tongersdei 27 april is de Kings Battle in Blauhús. Mei watfoar gefoel giesto nei Blauhús?
''Ik haw absolút betrouwen yn ‘e Kings Battle! We hawwe de kar út twa auto’s, mar ien derfan is hielendal stikken. As we dy auto op ‘e tiid ôfkrije, dan ryd ik dêryn. Ik haw der yn alle gefallen in hiel soad noch oan!''

Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/racing. De Kings Battle races binne op tongersdei 27 april live fan 13.00 oant 18.00 oere op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te sjen. Jûns om 18.20 oere, en dêrnei alle oeren, is in kompilaasje hjirfan te sjen

(Advertinsje)
(Advertinsje)