Follybalsters Snits no al wis fan de finale om de lânstitel

De Snitser froulju © Klaas Hijlkema sportfotografie
De follybalfroulju fan Snits binne no al wis fan de finale om de lânstitel. Sneontejûn gong de iennichste konkurrint Set Up '65 yn eigen hûs hurd ûnderút tsjin Alterno. De ploech út Apeldoorn wûn yn Ootmarsum mei 3-1. De setstannen 21-25, 25-21, 8-25 en 21-25.
Sneintemiddei komt Snits yn de Snitser sporthal noch yn akje tsjin Flamingo's. Dy wedstriid hat no neat mear om 'e hakken. De twa finalewedstriden tsjin Sliedrecht Sport wurde fan takom wike snein ôf spile.