Fiifde ferlies Snits Wyt Swart op rige

22 apr 2017 - 22:36
Foto: Omrop Fryslân

Sneinshaadklasse Snits Wyt Swart is fan slach. Sneontejûn waard op it eigen fjild de wedstriid tsjin De Meern mei 2-0 ferlern. It wie it fiifde ferlies fan de Snitsers op rige. Gökhan Yasar makke de beide goals foar de ploech út Utrecht. Snits Wyt Swart miste sels in penalty. Yn de stân sakke de ploech nei it njoggende plak.

Trefwurden: 
fuotbal Snits Wyt Swart
(Advertinsje)
(Advertinsje)