Automobilist sjocht reek yn achterútkykspegel: brân yn auto

De brânwacht kontrolearret de auto © De Vries Media
Op de Wâldwei by Garyp hat sneon koarte tiid brân west yn in auto. De bestjoerder seach ûnder it riden dat der reek achter syn auto weikaam. Hy koe de auto by in bushalte oan de kant sette, en belle 112. De brânwacht hat it fjoer oan de achterkant fan de auto útmakke.
De oarsaak fan de brân is net dúdlik. In bergingsbedriuw hat de auto fuortsleept.