LDODK wint fan Dalto

22 apr 2017 - 21:28
Foto: Omrop Fryslân

De kuorballers fan LDODK hawwe sneontejûn yn de eareklasse A mei 19-17 wûn fan Dalto út Driebergen. Mei dat resultaat stean de Gordyksters op plak 2 yn de ranglist. Sy hawwe 8 punten út 5 wedstriden. Se binne mar 1 punt ferwidere fan de oant no ta heechst klassearre ploech. AKC Blauw-Wit hat 9 punten út 5 wedstriden.

It wie foar LDODK de earste wedstriid fan de twadde helte fan de fjildkompetysje.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)