Binnendoar sjen yn huzen mei pelletkachels

Yn de fjirde edysje fan de Duurzame Huizen Route yn Ljouwert stiet pelletferwaarming sintraal. Pellets binne langwerpige stikjes parst ôffalhout. Se wurde brûkt foar ferwaarming. Soksoarte ferbaarning jout in heech rendemint. Meardere famyljes yn Ljouwert stoke mei pelletkachels yn stee fan mei gaskachels.
Op de ynformaasjedei koene belangstellenden sneon op tagonklik wize yn de kunde komme mei duorsum wenjen. Sa joech Robin Frieler in rûnlieding troch syn duorsume hûs. Hy hopet dat it gebrûk fan de pellettsjettel bekender wurde sil.
De folgjende edysje fan de duorsume-hûze-rûte is op sneon 4 en 11 novimber.