Ynsittenden licht ferwûne by botsing Trekwei

De auto's hiene grutte skea © De Vries Media
Op de Trekwei benoarden Westergeast wiene sneontemiddei twa auto´s belutsen by in oanriding. Dêrby rekken meardere ynsittenden licht ferwûne. Se binne op it plak fan it ûngelok neisjoen troch ambulânsepersoniel. Ien persoan is oerbrocht nei it sikehûs foar fierdere kontrôle. Wat dy persoan mankearret, is net bekend.
It ûngelok barde doe't ien fan de auto's fan de Keatlingwier de Trekwei opdraaide. Beide auto's hiene grutte skea. Se moasten troch in berger ôffierd wurde. De wei hat in skoft ôfsletten west fanwege it ûngelok.