Ynskriuwe foar 230 km drave op Alvestêde-ultrarun

© ANP
De earste twa ynskriuwings foar de Alvestêde-ultrarun binne sneon binnenkaam. Dy wurdt takom jier maaie foar it earst yn sechtsjin jier wer hâlden. De ynskriuwing foar de meunstertocht sette sneon út ein. By de ultrarun moatte de dielnimmers 230 kilometer efterelkoar drave. Dêrmei is it de langste ultrarun fan Nederlân.
Foardat dielnimmers harren ynskriuwe kinne, moatte se oantoane dat se sa'n tocht oankinne. De organisaasje is yn hannen fan Silvio Teunissen fan Boalsert en Klaas van Heeringen út Hurdegaryp. Sy binne sels gek fan ultrarinnen en dogge sels ek mei. De lêste tiid hawwe sy in protte entûsjaste reaksjes krige, ek út it bûtenlân. Sy ferwachtsje dêrom noch folle mear dielnimmers. Der kinne op syn meast 75 minsken meidwaan, mar as dat tritich wurde is de tocht neffens beide manlju ek goed slagge.