ONS ferliest mei 3-1 fan DVS '33

22 apr 2017 - 17:12

ONS hat sneon op it Sudersportpark mei 3-1 ferlern fan DVS '33. ONS begûn goed oan de wedstriid, mar dat duorre net lang. Yn de 12e minút skoarde DVS'33 de 0-1 út de earste kâns dy't de ploech krige. Yn de 24e minút makket Fabian Stevens de lykmakker (1-1) út in yngoai fan Gustavo van der Veen. Dat wie ek de rêststân.

Yn de earste minút nei rêst makke ferdigener Klaas de Vries in flater en makke keeper Bas van Weegen in oertreding. Dat smiet DVS '33 in penalty op en Maurice de Ruiter benutte dy: 1-2. ONS makke der eins neat fan yn de twadde helte. Se ferdigenen slop en makke gjin kânsen.

Yn de 80e minút makke Maurice de Ruiter syn twadde goal foar DVS '33. Hy brocht de skoare op 1-3. Yn de 88e minút krige Gustavo van der Veen in reade kaart nei in slaande beweging.

ONS kin net mear streekrjocht degradearje, mar is noch net alhiel feilich om út de neikompetysje te bliuwen.

Trefwurden: 
ONS fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)