Foarstelling Lenette van Dongen giet net troch fanwege brân

22 apr 2017 - 16:24
De brân yn it havengebiet yn Amsterdam is fan fierrens te sjen - Foto: ANP

De foarstelling fan kabaretiêre Lenette van Dongen yn Ljouwert kin sneontejûn net trochgean. Dit komt troch in grutte brân yn it Westlik Havengebiet yn Amsterdam. Van Dongen makke it nijs dat se net komt, bekend op har Facebook.

De brân is yn in kompleks njonken it gebou dêr't it buske parkeard stiet mei har klean, dekôr, lampen en oare technyske apparatuer. De brânwacht hat Van Dongen en har crew ferbean it buske op te heljen, en dêrtroch kin de foarstelling fan sneon yn De Harmonie net trochgean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)