Amelân '82 fynt nije koälysje 'fluch en frjemd'

It is allegearre wol hiel fluch en frjemd gien. Dat is de reaksje fan fraksjefoarsitter Dirk Brouwer fan Amelân '82 op de konklúzje fan de ynformateurs op it eilân, dat der gjin mearderheidskoälysje te foarmjen is. De ynformateurs kamen freedtejûn mei harren rapport. Sy hawwe trije wiken lang besocht om in oplossing te finen, neidat wethâlder Wil Bakema fan Amelân '82 opstapte.

Koälysjegenoaten CDA en VVD hiene in moasje fan wantrouwen mei-ûndertekene. Dóchs wie de fraksje fan Amelân '82 noch hieltyd ree om mei CDA en VVD fierder te gean. Dat sit der no net yn, sy sille no mei de PvdA in minderheidskoälysje foarmje en hoopje dan op genôch stipe fan de opposysje. It CDA sjocht de minderheidskoälysje wol sitten. De partij fynt dat persoanlike frustraasjes fergetten wurde moatte en dat it eilânbelang foarop stean moat.
De gemeenteried praat moandei oer it rapport fan de ynformateurs.