Undersyk: Plak foar 150 reaharten yn Drents-Friese Wold

Der is romte foar in keppel fan 150 reaharten yn it Drents-Friese Wold. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan de provinsje Drinte. De harten hawwe in grutte mearwearde foar it gebiet. Se ha ûnder oare in posityf effekt op de fegetaasje en se lûke ek toeristen, sa is de ferwachting.

Wol soene se foar skea soargje kinne foar de lânbou, mar neffens Henk van Hooft fan de stjoergroep Regionaal Landschap Drents-Friese Grensstreek betsjut dat net dat der rûnom stekken komme moatte. As de bisten genôch fretten fine kinne yn de natuer, is de kâns dat de harten iten sykje by de boer net sa grut, tinkt Van Hooft. Op guon lokaasjes sille wol rasters en stekken komme.