Grou hat tydlik Teehûs op in ponton

22 apr 2017 - 12:11

Yn Grou wurdt mei man en macht wurke oan de bou en ynrjochting fan in tydlik Teehûs. It nije teehûs stiet op in ponton tusken de steigers flak foar it plak dêr't it ôfbaarnde etablissemint stie. Eigener Timo Slump en syn frou Marieke krije help fan in leger oan frijwilligers om alles op tiid klear te krijen.  It doel is dat de doarren iepen gean op Keningsdei. 

Moandei yn Hea! mear oer it Teehûs fan Grou.

Trefwurden: 
teehûs pontons Grou
(advertinsje)
(advertinsje)