Bemanningslid rekket ferwûne by iepening skûtsjeseizoen

22 apr 2017 - 11:51

By de earste skûtsjewedstriid fan it seizoen op de Langwarder Wielen rekke sneontemoarn in bemanningslid fan de Zorg en Vlijt ferwûne oan 'e  holle. By in gyp yn in wynpûster waard de man rekke troch de skoat. De man sloech doe mei de holle op it achterdek. De man is troch de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs om it iepen plak hechtsje te litten. 

It ûngelok barde flak foar de start fan de wedstriid. It skûtsje Zorg en Vlijt út Heech is fanwege it ûngelok net fan start gien, alle oare skûtsjes wol. By it palaver foar de start fan de wedstriid hie de organisaasje al warskôge foar it risiko fan de wynpûsters. Yn de wedstriid sloech it skûtsje De Lege Wâlden om. Ek wie der noch in oanfarring.

(advertinsje)
(advertinsje)