Plysje pakt Grinslanner mei nepfjoerwapens op

22 apr 2017 - 11:15
Fjoerwapen - Foto: ANP XTRA

De plysje hat freedtejûn op it stasjon fan Ljouwert in 26-jierrige man út it Grinslanner Mearum oanhâlden. De man siet yn 'e hoksen, hie in swarte sinnebril op en der leine twa fjoerwapens foar him op de grûn.

In bange en ûngerêste reizger skeakele de plysje yn, dy't de man yn de boeien sloech en meinaam hat nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat it om nepwapens gie. De eangst en de ûnrêst by de treinreizgers wie lykwols wol echt.

Trefwurden: 
nepfjoerwapens
(Advertinsje)
(Advertinsje)