Plysje-efterfolging fan Grins nei Moarre

© Plysje Ljouwert
In lange plysje-efterfolging einige freedtenacht yn Moarre. It gie om in 22-jierrige man út Hoogezand, dy't neffens in melding nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs wie. De man stapte yn Grins yn syn auto en waard al gau ûnderskept troch de plysje. Hy negearde it befel om de auto oan de kant te setten en ried troch. Der folge in lange efterfolging.

Lang om let ried de man by Lauwerseach de seedyk op, mar ek dêr koe er wer ûntkomme. Op de Lauwersseewei ried er by Moarre de berm yn, dêr koe de plysje him oanhâlde. Der kaam pepperspray oan te pas om de man mei nei it buro te krijen. Syn rydbewiis is ynnaam en hy is ynsletten foar neier ûndersyk.