Stellingwerver rôvet disel yn Grinslân

22 apr 2017 - 10:35

In 36-jierrige man út Easterwâlde is freedtenacht yn it Grinslanner Westerbroek oanhâlden op fertinking fan it stellen fan diseloalje út in graafmasine. De plysje waard belle mei de melding dat de man by in auto stie mei de kofferbak iepen. De tsjûge fûn dat fertocht en skeakele de plysje yn.

By kontrôle die bliken dat de man de diseloalje stellen hie. Yn syn auto lei it ark om dat dwaan te kinnen. De auto en it ark binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
diseloalje stellerij
(advertinsje)