IFKS krijt Langwarder bidbook by start skûtsjeseizoen

22 apr 2017 - 09:07

Yn Langwar is sneon de seizoensiepening fan it skûtsjesilen. Dat lûkt sa'n 40 skûtsjes nei it doarp. It is tradisjoneel ek de iepening fan it wettersportseizoen yn Langwar. De skûtsjes binne hast allegearre fan de IFKS.

It doarp Langwar hat de gelegenheid brûkt om de IFKS in bidbook oan te bieden foar in plakje op de IFKS-wedstriidkalinder. Op dy kalinder wurdt no ien dei net syld. Langwar hat waarme belangstelling om dy dei yn te foljen. Yn it bidbook steane de mooglikheden, tûkelteammen en byhearrende oplossings op in rychje. De IFKS sil de kommende hjerst it foarstel fan Langwar beprate.

(advertinsje)
(advertinsje)