Kollum: Save our soul op Twadde Peaskedei

"Ien jûn yn de wike bin ik mei fjouwer oaren te finen yn in muzikale oefenromte yn Drachten. Dêr hoech ik it fierder net al te yngeand oer te hawwen. Fiif manlju yn en om de midlife-krisis leeftiid hinne yn in hok sûnder ruten en dus krekt net genôch ljocht om sûnder lêsbril de lytse letterkes achter op in fersterker te lêzen. En altyd de lêsbril ferjitte, fansels. Mar wy ha in soad wille, foaral as ien fan de fiif in finaal ferkeard akkoart oanslacht en fol oerjefte de mist yn giet. As je wat dogge, moat it mei oertsjûging dien wurde, ek it meitsjen fan in flater.

Ofrûne moandei wie it ek wer safier. Ien fan de achte leden sette mei in kompleet ferkearde toanhichte it earste nûmer yn. Wy begjinne altyd mei it earste nûmer, dêrnei dogge we it twadde, soks om ûndúdlikheden foar te wêzen. No ha we dat earste nûmer in stik as 200 kear spile, tink ik. Dus dan binne by in falske start mei in D akkoart ynstee fan it gebrûklike A akkoart de opmerkings dusdanich dat de persoan yn kwestje sei: ‘Ik ga naar huis, de groeten.’ Wêrnei’t er dus ek echt ferdwûn. Wy bleaunen achter en hienen de grutste wille fansels.

It duorre even, doe barde der wat nuvers. Sûnder dat it bandlid fysyk oanwêzich wie, kaam der lûd út syn fersterker. Dat, wylst syn gitaar tsjin dy fersterker oan stie. It duorre even foardat wy yn de gaten hienen dat hy bûtendoar syn triedleaze ferbining mei de fersterker ta stân brocht hie mei in oare gitaar en dus ús even foar de gek hâlde woe. Dat tochten wy alteast. No, dêr wienen wy dus ek gau klear mei. We setten de lûdsknop fan de fersterker ticht en wachten oant dit fiifde bandlid de oefenromte wer yn komme soe. Dat duorre nochal even. Dochs de fersterker mar wer in bytsje iependraaie en ja, der kaam noch lûd út. We hearden net folle mear, inkeld in frijwat saai loopke. Trije koarte, trije lange en wer trije koarte toanen. Net folle oan, sa konkludearren wy unanym.

Oant it momint dat ien fan ús, ik sil net sizze wa, want dan wurde se eigenwiis en dat moatte wy net ha, mar ien fan ús hie in helder momint. Soks is op himsels al in grut wûnder te neamen. ‘Soe it sa wêze kinne dat de doar tichtfallen is en hy der net ynkomme kin?’ sa waard der opmurken. Krekt sa’t it wie. It waaide nochal wat yn it sigerige en kâlde Drachten op moandeitejûn en de doar siet yndie stiif ticht. Us gitarist hie in oare gitaar út syn auto krigen en de doar wie troch in wynflaach tichtslein. Hy stie yn in t-shirt bûtendoar te blaubekjen en in longûnstekking op te rinnen en hie, om de earnst fan de situaasje oan te jaan, oars neat betinke kinnen as it ynternasjonale sein foar hege need te spyljen. Trije koarte, trije lange en wer trije koarte toanen. SOS, save our souls. Doe’t ik nei in minút as fiif einliks de doar iependie, sei er in pear hiele freeslike dingen. Dat paste net sa by de Peaskegedachte, mar as jim fernaam hienen hoe glûpende kâld it neist poppoadium Iduna wie, hienen jim ús fiifde bandlid daliks dy rare wurden ferjûn.
De moraal fan dit ferhaal: Ik soe it echt net witte. Mar dat hoecht ek net altyd."