Koart pleit op sneon oer stakingen Holland Casino

22 apr 2017 - 08:15
Holland Casino yn Ljouwert

Der tsjinnet sneontemiddei in koart pleit oer de stakings by Holland Casino. De direksje spant it koart pleit oan tsjin de fakbûnen, dy't aksjefiere út ûnfrede oer it útbliuwen fan in nije cao. Freedtemiddei waard staakt yn de fêstigingen fan Grins en Ljouwert. Earder dizze wike waard der ek yn oare fêstigingen staakt.

Neffens de direksje fan Holland Casino soargje de stakingen foar grutte risiko's, omdat personiel dat earste help ferliene moat by kalamiteiten ynienen it wurk dellei en it gebou útrûn. Holland Casino seit dat se it rjocht op aksje wol respektearje, mar dat se op tiid witte wolle dat der aksjes komme. It koart pleit fynt plak yn in hotel yn Breukelen. Neffens de fakbûnen is it tige ûngebrûklik dat sa'n koart pleit op sneon hâlden wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)