Cambuur fiert feest: "Perioadetitel is in moaie beleanning"

21 apr 2017 - 23:16

De winst fan de fjirde perioade yn de Jupiler League soarge foar blide gesichten yn it Cambuurstadion. Dêr waard freedtejûn in lyts feestje boud nei de 5-0 oerwinning op RKC Waalwijk. "De perioadetitel is in moaie beleanning foar it hurde wurk fan de ôfrûne wiken en eins fan it hiele seizoen", sei trainer Sipke Hulshoff.

Ek de spilers binne út de skroeven mei it winnen fan de Brûnzen Stier, de priis foar it winnen fan in perioadetitel. "Daar is ie eindelijk!", ropt Erik Bakker. "Hier hebben we lang op gewacht in Leeuwarden. We hebben hard gewerkt en uiteindelijk is het er deze periode helemaal uit gekomen. Vandaag ook, dit was een prachtige wedstrijd."

''Heerlijk gevoel''

''We hebben nu iets tastbaars behaald'', fertelt middenfjilder Robbert Schilder. ''Dit is een heerlijk gevoel. We gaan nu met het volste vertrouwen en zo goed mogelijk de play-offs in. We hebben vandaag een prachtige wedstrijd gespeeld, met heel veel doelpunten in de eerste helft. We hadden vertrouwen vandaag, en dat moeten we meenemen naar de nacompetitie.''

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)