Soad lof foar Lútsen Kooistra by ôfskied Friesch Dagblad

21 apr 2017 - 22:18

Sa'n 500 minsken hawwe freed yn de grutte tsjerke yn Ljouwert ôfskied naam fan haadredakteur Lutsen Kooistra fan it Friesch Dagblad. Lêzers en pommeranten wêrûnder skriuwer Geert Mak, direkteur Dina Boonstra fan de NDC Mediagroep, freonen en kollega's swaaiden him lof ta foar syn prestaasjes yn de 22 jier dat hy de lieding hie by de krante. Muzyk wie der ek fan Bach en Nynke Laverman.

It is noch net bekend wa't de opfolger fan Kooistra wurdt as haadredakteur. Nei alle gedachten wurdt dit takom wike bekend makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)