Goed 1,3 miljoen euro winst foar ôffalferwurker Omrin

© Omrin
Offalbedriuw Omrin hat in winst fan goed 1,3 miljoen euro makke oer it jier 2016. Dat docht bliken út it jierferslach fan it bedriuw. De direksje is tefreden oer dit resultaat, mar is foaral te sprekken oer de stappen dy't makke binne yn it realisearjen fan in sirkulêre ekonomy. Dit is ien fan de wichtichste doelstellings fan Omrin.