Krappe oerwinning SC Hearrenfean tsjin Willem II

21 apr 2017 - 21:53

SC Hearrenfean hat freedtejûn yn it eigen Abe Lenstrastadion in krappe 1-0 oerwinning pakt tsjin Willem II út Tilburg. Nei in frij rêstige iepeningsfaze kamen de Feansters yn de 40ste minút op foarsprong troch in doelpunt fan Sam Larsson. De thúsploech hie noch inkelde kânsen, mar koe foar rêst de skoare net mear útwreidzje.

Yn de twadde helte bleau Hearrenfean de bettere ploech. Twa grutte kânsen foar Zeneli en Van Amersfoort nei sa'n sechstich minuten spyljen gongen lykwols ferlern. Yn de lêste minuten fan it duel moast Hearrenfean noch flink yn 'e ferdigening, mar Willem II koe de lykmakker net mear meitsje.

Mei 43 punten út 32 wedstriden binne de play-offs foar Hearrenfean yn prinsipe wis. Oer goed twa wiken spilet SC Hearrenfean de folgjende wedstriid yn de earedifyzje, dan giet de ploech op besite by PEC Zwolle.

(advertinsje)