SC Cambuur pakt perioadetitel nei romme winst op RKC

21 apr 2017 - 21:46

Sportklup Cambuur is freedtejûn perioadekampioen wurden yn de Jupiler League, nei in riante oerwinning op RKC Waalwijk. Yn eigen stadion waard it 5-0 foar de Ljouwerters. It is foar it earst sûnt 2001 dat se in perioadetitel winne. 

De winst betsjut ek dat it twadde plak op de ranglist feilichsteld is, wêrtroch't Cambuur in tige goede útgongsposysje hat yn de play-offs.

Fleanende start

Cambuur hie in fleanende start en spile RKC yn de earste helte folslein fan de matte. Nei in dik healoere stie it al 4-0, troch doelpunten fan Sander van de Streek, Tarik Tissoudali en Stefano Lilipaly. Yn in hearlik duel kombinearren de Ljouwerters der lustich op los, mei in bepalende rol foar oanfaller Jergé Hoefdraad. Hy wie by de earste fjouwer doelpunten belutsen.

Van de Streek iepene de skoare mei syn 21e treffer fan it seizoen, nei matich ferdigenjen fan RKC. De Waalwijkers wiene amper bekaam fan de efterstân, doe't Tissoudali mei in moaie yndividuele aksje de 2-0 binnen tikke en fuort dêrnei ek de 3-0 tsjin de touwen skeat. Nei opnij min útferdigenjen, skeat Lilipaly de bal yn it lege doel fan RKC: 4-0. Erik Bakker makke krekt foar it skoft de 5-0 nei in keihurd skot fan de râne fan it 16-metergebiet

Gas werom

Yn de twadde helte naam Cambuur wat gas werom, mar soarge derfoar dat de foarsprong nea yn gefaar kaam. De bal waard rûn spile en beide ploegen kamen net mear yn de buert fan in treffer, wêrtroch't de 5-0 út de earste helte ek de einstân waard.

(advertinsje)
(advertinsje)