Gemeente Amelân krijt minderheidskoälysje

© Google Streetview
It Amelân krijt in minderheidskoälysje, besteand út de partijen CDA, VVD en PvdA. Ynformateurs Joop Lodewijks fan it CDA en Albert van Barneveld fan de VVD hawwe harren de ôfrûne wiken wiidweidich foarljochtsje litten troch alle partijen op it eilân oer harren fyzje op in stabile koälysje. By eintsjebeslút die bliken dat in mearderheidskoälysje net mooglik wie. De twa ynformateurs litte witte dat se it spitich fine dat in mearderheidskoälysje net helber wie en hoopje dat de opposysje dizze minderheidskoälysje gedoge sil en dat sy harren "kritysk en konstruktyf" opstelle sille.
Der wie in nije koälysje nedich op it Waadeilân, nei't wethâlder Will Bakema fan Ameland '82 begjin dizze moanne opstapte.