Grinslanner (24) krijt 3,5 jier sel foar wapene oerfal

21 apr 2017 - 20:01

In 24-jierrige Grinslanner hat yn heger berop in straf fan 3,5 jier krigen foar de wapene oerfal op in frachtweinsjauffeur út Kollumersweach. De man waard ferline jier feroardiele ta in straf fan trije jier. Neffens it gerjochtshôf yn Ljouwert wie dit net foldwaande, en die dy der in healjier by. Twa oare fertochten út Appingedam en in man út Grins krigen deselde straf.

By de oerfal waard it slachtoffer bedrige mei in pistoal en mei pepperspray bespuite. Der waard gjin jild bút makke troch de oerfallers. Dy moatte it slachtoffer ek smertejild betelje fan goed 2.300 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)