Romte foar 150 reaharten yn it Drents-Friese Wold

21 apr 2017 - 17:32

Der is romte foar in keppel fan 150 reaharten yn it Drents-Friese Wold. Dat docht bliken út in ûndersyk dat yn opdracht fan de provinsje Drinte útfierd is. De harten hawwe in grutte mearwearde foar it gebiet. Se hawwe ûnder oare in posityf effekt op de natuer en se lûke toeristen nei it gebiet, sa is de ferwachting.

Wol soene se foar skea soargje kinne foar de lânbou. Der moat dêrom noch wol goed praat wurde oer de yntroduksje fan de reaharten. Der soene om te begjinnen tsien harten útset wurde kinne. Dy keppel kin dan op termyn útgroeie ta in groep fan op syn meast 150 harten.

(advertinsje)
(advertinsje)