Friezen op School at Sea

25 okt 2011 - 16:01

Seis moanne nei skoalle op see mei in grut sylskip. Dat dogge 32 vwo-learlingen om talint te ûntwikkeljen. Se leare te farren en se ûndernimme ekspedysjes. It is de earste kear dat School at Sea út Nederlân wei dien wurdt en der sitte fjouwer Friezen oan board. Tongersdei fart de Regina Maris fan Amsterdam nei IJmuiden. Dêr wurdt ôfskied naam fan de famylje en dan begjint de reis op en del nei de Karaïben.

(Advertinsje)
(Advertinsje)