"Ek fideoskiedsjochters yn Jupiler League"

21 apr 2017 - 17:07

Der moat ek in fideoskiedsrjochter komme by wedstriden yn de Jupiler League. Dy oprop docht Gerald van den Belt, technysk direkteur fan SC Cambuur, oan it fuotbalbûn KNVB. Tongersdei waard dúdlik dat skiedsrjochters yn 'e earedifyzje fan it seizoen 2018/2019 ôf help krije fan in fideoskiedsrjochter. Van den Belt fynt dat in boppeslach: "Het is goed dat de KNVB hier vooruitstrevend in is. Ik denk dat we de eerste zijn in de wereld die hiermee in de hele competitie aan de slag gaat. Maar, ik zou ernaar willen streven dit ook zo snel mogelijk voor de eerste divisie in te voeren."

Bûtenspulgoals

Der waard al in skoft diskusearre oer de fideoskiedsrjochter en dizze wike waard it wer opnije opreakele. De oanlieding foar de nije diskusje wie de Champions League-wedstriid tusken Real Madrid en Bayern München fan ôfrune tiisdei. De Hongaarske skiedsrjochter karde hjiryn twa bûtenspulgoals goed én joech in ûnterjochte reade kaart. It roppen om de fideoskiedsrjochter is dêrtroch allinne mar lûder wurden.

Bylden yn de studio

In fideoskiedsrjochter kin diskutabele mominten yn in wedstriid weromsjen en dit fuortendaliks trochjaan oan de skiedsrjochter op it fjild. It is de bedoeling dat de fideoskiedsrjochters net allegear op lokaasje wêze sille: de wedstriden wurde besjoen fanút in studio op in sintraal plak yn it lân. 

SC Hearrenfean koe hjir net op reagearje.

(advertinsje)
(advertinsje)