Iepenloftswimbaden wer iepen, nettsjinsteande kâlde waar

Bûten is it 12 graden, mar dit wykein iepenje dochs de earste iepenloftswimbaden harren doarren. De wike fan Keningsdei is tradisjoneel it begjin fan it nije swimseizoen. Sneon sille twa swimbaden al iepen, De Klomp yn Wommels en De Haulewelle yn Haulerwyk. Waar of gjin waar.
“Wy hawwe in ferwaarmd bad dat no sa’n 24 graden waarm is. Wy ferwaarmje ús bad mei gas, sinnekollektoaren en houtpallets, mar der stiet net dei en nacht in mantsje pallets yn ‘e kachel te smiten hear. It is in fol automatysk systeem”, seit Alien Okkema fan it swimbad yn Wommels. Der wurdt al fjouwer wiken wurke oan de iepening fan sneon. Doarpsgenoat en paralympysk swimster Liesette Bruinsma iepenet har persoanlike baan in De Klomp. Ek wurdt it nije boartersplak foar pjutten iepene.
It oare swimbad dat dit wykein iepen giet is De Haulewelle yn Haulerwyk. Ek hjir is it swimbadwetter 24 graden mei tank oan sinnepanielen en in cv-tsjettel. Lambert van Dijk ferwachtet lykwols noch net in stoarmrin: “Eins ferwachtsje we net sa’n protte minsken, sneon rekkenje wy op sa’n 150 minsken. Dat binne net allinnich de ‘diehards’, mar ek bern fan 15 à 16 dy’t in dûk nimme.” Dat sy no al iepen geane hat te krijen mei de betide maaiefakânsje. Bliuwt de fraach hoe noflik it is om te swimmen yn it bûtenwetter yn dizze kâlde aprildagen. “Dat falt wol ta, omdat it swimbadwetter waarmer is as de bûtentemperatuer.”
Benijd wannear't it iepenloftswimbad by dy yn de buert iepen giet? Sjoch it op ûndersteande kaart: