Trije moanne sel foar Drachtster drugsrider

21 apr 2017 - 16:45
Rjochter - Foto: Omrop Fryslân

In man út Drachten hat trije moanne selstraf ûnder betingst krigen, omdat er ferline jier ûnder ynfloed fan drugs yn syn auto betrape waard. De man soarge foar levensgefaarlike situaasjes. Hy ried te hurd en ried minsken hast fan de sokken. Uteinlik waard er yn Sint-Nyk klemriden en oanhâlden. Nei syn arrestaasje waard er opnaam yn in ûntwenningsklinyk en sûnt dy tiid giet it better.

Omdat er syn libben better op de rails hat, stjoerde de rjochter de man net werom nei de finzenis. Hy krige wol in rydferbod foar in healjier, hy mei ek gjin drugs mear brûke en komt ûnder tafersjoch fan de reklassearring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)