Omrop TIP: Gouden Spiker Festival live

Gouden Spiker Festival
Leafhawwers fan blaasmuzyk kinne hjoed live meigenietsje fan it Gouden Spiker Festival yn Oerterp. It festival foar amateurorkesten wurdt fan 9.00 oere ôf de hiele dei útstjoerd fia in livestream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Amateurorkesten en doarpskorpsen

Op de measte muzykfestivals en konkoersen trede orkesten op dy’t op in heger nivo spylje. Op it Gouden Spiker Festival is dat oars, dêr binne it de amateurorkesten en doarpskorpsen dy’t ‘yn de spotlights steane’. Der is ek plak foar jeugdorkesten, orkesten dy’t net kompleet binne en groepen dy’t mei-inoar spylje. Yn totaal trede mear as 50 orkesten op, mei in romme fertsjintwurdiging út Fryslân.

Koperkanaal

Omrop Fryslân makket ek opnamen dy’t letter werom te hearren binne fia it non-stop online kanaal Omropfryslan.nl/koperkanaal en fia it radioprogramma Koperkanaal FM op sneintemoarn fan 6.00 oant 8.00 oere op Omrop Fryslân, 92.2FM.