Staking by Holland Casino yn Ljouwert

21 apr 2017 - 16:16
Holland Casino yn Ljouwert

De wurknimmers fan Holland Casino yn Ljouwert hawwe freedtemiddei it wurk dellein. Se slute har dêrmei oan bij har kollega's fan it casino yn Grins, dy't even earder yn staking gien binne. It is de fyfde kear dat der staakt wurdt foar in bettere cao.

Neffens de fakbûnen slagget it net om ôfspraken oer in nije cao te meitsjen mei it bestjoer fan Holland Casino. It personiel seit dat it bij de reorganisaasje twa jier lyn in soad ynlevere hat. Der binne doe hûnderten banen ferdwûn, wêrtroch't de wurkdruk noch heger wurden is. Holland Casino is yntusken wer in sûn bedriuw. It personiel easket dêrom no in goede cao.

Trefwurden: 
staking Holland Casino
(Advertinsje)
(Advertinsje)