Hokker stêd krijt hokker fontein fan KH2018?

It ûntwerp foar de fontein fan Drylts
No't ek it ûntwerp foar de fontein fan Harns bekend makke is, witte alle alve stêden yn Fryslân hokker fontein sy krije. It giet hjir om it projekt 11 Fountains fan Kulturele Haadstêd 2018 dêr't al in hiel soad om te dwaan west hat. Yn alle alve Fryske stêden moat in grutte fontein komme, ûntwurpen troch ynternasjonaal ferneamde keunstners. It ûntwerp foar Harns wie de lêste fan de alve. Foar alle stêden is it ûntwerp no bekend. Yn de measte stêden gie it útsykjen fan it ûntwerp en it plak net soepel. Of der wie in soad argewaasje oer it ûntwerp of oer it plak dêr't it komme soe te stean, of oer beide.
It idee komt fan keunstkritikus en tentoanstellingemakker Anna Tilroe. Ynspiraasjeboarnen binne de histoaryske Fryske stêden, de mienskip en it feit dat Fryslân foaroprint op it mêd fan wettertechnology. Doel is dat de fonteinen de alve stêden op unike wize fia de keunst ferbine dat se nije moetingsplakken wurde en ynternasjonale kultuertoeristen oanlûke.
En nei 2018?
De wetterkeunstwurken bliuwe nei 2018 stean en wurde sa nij kultureel erfguod. De ûnderhâldskosten komme foar rekken fan de gemeenten en dat betsjut bygelyks foar de gemeente Súdwest-Fryslân dat sy mar leafst seis fonteinen (Snits, Boalsert, Warkum, Hylpen, Drylts en Starum) op 'e noed krije.
LJOUWERT
By it stasjon yn Ljouwert komt de fontein nei it ûntwerp fan de Spaanske keunstner Jaume Plensa. De fontein bestiet út in jonges- en in famkesholle fan sân meter heech dy't elkoar oansjogge.
SNITS
Yn Snits is it ûntwerp fan de Dútske keunstner Stephan Balkenhol. Hy hat him ynspirearje litten troch de skiednis fan foar- en tsjinspoed. It byld bestiet út in man dy't op in bol stiet mei de hoarn fan de oerfloed op it skouder. It moat komme yn it wetter fan it Hoogend, rjocht foar de Wetterpoarte oer.
DRYLTS
De Japanske keunstner Shinji Ohmaki makke it ûntwerp foar de fontein yn Drylts. It moat komme oan de Dassenboarch. De fontein bestiet út stinzeblommen, dy't makke binne fan rustfrijstiel. It boeket leit op in faas dy't fol wetter stiet. It wetter is yn beweging en falt yn in grut wetterbassin. Dêromhinne stean banken.
SLEAT
Yn Sleat komt in fontein, ûntwurpen troch Jorge & Lucy Orta út Argentinië en Grut-Brittannië. It wurdt in fontein fan tusken de trije en fiif meter heech besteande út jerrycans en amers mei dêrop twa boartsjende bern. It plak foar de fontein wurdt it Van der Walplein.
STARUM
De fontein yn Starum is nei in ûntwerp fan Mark Dion út Amearika en komt by de haven te stean. It is in gigantyske fisk mei wetterspuiende tosken. It ûntwerp is ynspirearre op it ferhaal fan it 'Vrouwtje van Stavoren'. Har ring kaam werom yn de bek fan in fisk.
HYLPEN
It ûntwerp foar Hylpen is fan Shen Yuan út Sina en hyt 'Flora en Fauna'. It is basearre op it wapen fan Hylpen dat út in libbensbeam bestiet, mei woartels yn de ûnderwrâld en tûken dy't nei de himel wize. De fontein komt by it gersfjild oan de Nieuweweg.
WARKUM
De Britske keunstneres Cornelia Parker makke it ûntwerp foar de fontein yn Warkum. De fontein komt te stean op it gersfjild by de passantehaven. It byld bestiet út twa grutte liuwen.
BOALSERT
De Belch Johan Creten hat it ûntwerp foar Boalsert makke. De fontein komt foar de Broeretsjerke te stean en kriget de foarm fan in wetterspuiende flearmûs en wurdt makke fan brûns. It byld komt yn in bassin te stean, wurdt sa'n 2,5 meter heech en fjouwer meter breed.
HARNS
De fontein yn Harns is ûntwurpen troch it Amerikaansk-Kubaanske keunstnersechtpear Jennifer Allora en Guillermo Calzadilla. Se ferfange de oarspronklike ûntwerper Yinka Shonibare. De fontein komt by de Zuiderpier en hat de foarm fan in walfisk fan 18 meter lang. Der is keazen foar in walfisk om't it bist in bân hat mei de histoarje fan de stêd. Sa spile de walfiskfeart ea in rol yn Harns.
FRJENTSJER
Yn Frjentsjer is de fontein ûntwurpen troch Jean-Michel Ohtoniel út Frankryk. De fontein komt te stean yn in nij parkje by de Martinitsjerke op de Breedeplaats. De fontein krijt de namme 'The Oort Cloud' en is in earbetoan oan de wrâldferneamde astronoom Jan Hendrik Oort, dy't yn 1900 yn Frjentsjer berne waard.
DOKKUM
It ûntwerp foar de fontein fan de Nederlânske keunstner Birthe Leemeijer komt op De Merk. De fontein stelt in iisfontein foar.
De kollega's fan Finster op Fryslân wiene by de presintaasjes fan alle alve fonteinen en makken de folgjende reportaazjes.