Underdûkt yn Fryslân: Salo Muller hite Japje Mulder

As fersoarger by Ajax waard Salo Muller hast like ferneamd as Johan Cruijff, Sjaak Zwart en Rinus Michels. It is minder bekend dat hy in ûnderdûkferline yn Fryslân hat. De âlden fan Salo Mulder waarden oppakt en nei de Hollandse Schouwburg brocht. Salo wie op skoalle. Syn omke helle him op en naam him yn 'e hûs. Mar by in razzia waard hy ûntdutsen en hy waard ek nei de Hollandse Schouwburg brocht. Dêr seach er syn âlden op it poadium stean.
It wie de lêste kear dat er harren seach. De doe 6-jierrige Salo waard nei de kresj foar de Schouwburg oer brocht. Nei't er dêr fjouwer dagen skriemend trochbrocht hie, is er ophelle en nei syn earste ûnderdûkadres yn Amsterdam brocht. It wie it begjin fan in lange searje ûnderdûkadressen. Alle kearen wer moast er fuort omdat der kâns op ferried wie of omdat er mishandele waard troch syn ûnderdûkâlden. Uteinlik bedarre hy yn Oerterp en waard omdoopt ta "Japje Mulder" omdat Salo in fierste Joadske namme wie.
Under de flier sliepe
Ek yn Oerterp drige ferried en hy waard nei Fryske Peallen brocht, op in pleatske flak by Trimunt dêr't in protte Dútse soldaten legere wiene. Nachts moast er regelmjittich ûnder de flier by de ratten en de mûzen sliepe omdat de Dútske soldaten dan in feestje bouden op syn ûnderdûkadres. Ien fan de Dútsers wist dat der in Joadsk jonkje op de buorkerij wie en warskôge de boer.
Werom nei Oerterp
Salo gie wer werom nei Oerterp en kaam by 'omke en beppe'. Syn lêste ûnderdûkadres. By 'omke en beppe' hat er it goed. "Het waren lieve mensen", seit er oer harren. Salo Muller is no 81 jier en wer werom yn Amsterdam. De oarloch is der noch altyd: Hy hat ferlittingseangst, is bang yn it tsjuster en hat allegear kwalen, echte en ynbylde.
It ûnderdûkferhaal fan Salo Muller yn Oerterp en Fryske Peallen is snein 23 april te hearren yn Buro de Vries. 'Underdûkt yn Fryslân" is in projekt fan Tresoar, Wij van PS en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan it projekt.