Gaswinning stillein: "Best wel een overwinning"

Doe't Sofia Grondman der efter kaam dat der gas ûnder har hûs weihelle waard, sûnder dat immen yn de wyk Skoatterwâld dat wist, dûkte se yn de matearje. Troch har ûndersyk moast Gaswinningsbedriuw Vermilion op tiisdei 11 april ophâlde mei it winnen fan gas út put nûmer 3 by Langsweagen. "Het voelde best wel als een overwinning.''
"Naïef"
Krekt oer de gemeentegrins fan It Hearrenfean stean trije winputten by Langsweagen (LZG01, LZG02 en LZG03). Hearrenfean woe de putten net ha. "Dat iemand een boortoren op je gemeentegrond wil hebben, je weigert dat en ze gaan vlak over de grens zitten. Dan is het een beetje naïef om ze niet in de gaten te houden.'' Put LZG02 is slein yn 2015 en hellet ûnder oare gas ûnder Skoatterwâld wei. Ofrûne febrewaris waard yn in wykbyienkomst dúdlik dat dat al twa jier bart sûnder dat immen yn de wyk dat wist. Sofia kaam yn aksje. "Er wordt iets uit de grond gehaald en wij wisten van niets. Het voelde echt heel onrechtvaardig en ik vind het onfatsoenlijk.''
Nulmjitting
De tredde put helle sûnt novimber gas út de grûn. "Op 24 november 2016 heeft Vermilion een winningsplan ingediend, en op 24 november zijn ze begonnen met winnen.'' Sofia helle dizze proseduereflater boppe wetter en derom is dy put no stillein. Sofia is teloarsteld yn de gemeente, benammen de wize werop der (net) kommunisearre is mei de ynwenners. Dit is ek ien fan de trije easken fan de petysje dy't de wyk op 23 maart oan wethâlder Siebenga oerlange. Hjiryn easkje se fierder in nulmjitting fan alle huzen en in ûnôfhinklik ûndersyk nei trillings en boaiemdelgong. Moandei 24 april ferwachtsje se in antwurd fan de wethâlder.
Yn Buro de Vries wurdt snein in wiidweidich petear mei Sofia Grondman útstjoerd. Besjoch en beharkje hjir de útstjoering.